Volg je favoriete podcasts, luister offline en in de auto met CarPlay en Android Auto, en ga altijd verder waar je gebleven was. Gratis te proberen.
FRYSK Meitsje alle nije minsken lillyputters en de klimaatkrisis is oplost - dat is it plan dat yn dizze hûndertste ôflevering hielendal serieus ferdige wurdt, fan de film Downsizing oant trampolines yn de supermerk. Dêrnei giet it oer in ferlamde man dy't mei in harsenimplantaat fan Neuralink in kursor mei syn gedachten bestjoert, oer humanoïde robots dy't fan fideo's leare en oer de antitrustsaken tsjin Apple. En fansels ek molke oer de dyk, in húsarts dy't út it doarp ferdwynt, aparte Fryske strjitnammen en in boek oer non-aksje.
NEDERLANDS Maak van alle nieuwe mensen lilliputters en de klimaatcrisis is opgelost - dat plan wordt in deze honderdste aflevering bloedserieus verdedigd, van de film Downsizing tot trampolines in de supermarkt. Daarna gaat het over een verlamde man die met een hersenimplantaat van Neuralink een cursor met zijn gedachten bestuurt, over humanoïde robots die van video's leren en over de antitrustzaken tegen Apple. En verder melk over de weg, een huisarts die uit het dorp verdwijnt, opvallende Friese straatnamen en een boek over non-actie.
00:00:00 Hûndert ôfleveringen en in dypfeek 00:03:04 Feestje, katten en de eskalaasjeladder 00:07:57 Alle minsken lillyputters meitsje 00:22:23 Molke op 'e dyk en nijs út Fryslân 00:26:55 Harsenimplantaten, robots en antitrust 00:41:06 In boek oer non-aksje en de mop
Folgje Twa Ûnnoazele Jonges yn dyn podcast-app en diel dizze ôflevering mei ien dy't wol in goede grap brûke kin.
-------------
De bêste podcast yn it Frysk. Alles wurdt besprutsen! Fan ús enoarm nijsgjirrige libbens, oant politike en filosofyske theroieën en cutting-edge technologie. Wy hawwe ek de bêste moppen. Eins de bêste podcast yn de wrâld, mar omtrint nimmen kin `m ferstean.