Volg je favoriete podcasts, luister offline en in de auto met CarPlay en Android Auto, en ga altijd verder waar je gebleven was. Gratis te proberen.
FRYSK In nije draadloaze stofsûger bringt Marc yn ekstase, en Sjoerd fertelt oer de reis nei Belgje mei in kwytrekke parkearkaart en in skelter dy't te hurd gie. Dêrnei giet it oer de dalende faksinaasjegraad en wêrom't it fertrouwen yn de oerheid net samar weromkomt, en oer boargerskip as ferplicht fak op it mbo. Ta beslút: avatars yn 'e keamer, AI-stimmen dy't net fan echt te ûnderskieden binne, en in resepsjonist oan 'e oare kant fan 'e wrâld.
NEDERLANDS Een nieuwe draadloze stofzuiger maakt Marc euforisch, en Sjoerd vertelt over de rit naar België met een zoekgeraakt parkeerkaartje en een skelter die te hard ging. Daarna gaat het over de dalende vaccinatiegraad en waarom het vertrouwen in de overheid niet zomaar terugkomt, en over burgerschap als verplicht vak op het mbo. Tot slot: avatars in je woonkamer, AI-stemmen die niet van echt te onderscheiden zijn, en een receptionist aan de andere kant van de wereld.
00:00:00 Wolkom, setels en de reis nei Belgje 00:12:54 De nije stofsûger 00:19:11 Formaasje en de faksinaasjegraad 00:27:04 Boargerskip as skoalfak 00:32:31 Nijs út Fryslân 00:35:26 Neuralink, AI-stimmen en AR-brillen 00:50:43 Winkels sûnder kassa en wurk fierwei
Folgje Twa Ûnnoazele Jonges yn dyn podcast-app en diel dizze ôflevering mei ien dy't wol in goede grap brûke kin.
-------------
De bêste podcast yn it Frysk. Alles wurdt besprutsen! Fan ús enoarm nijsgjirrige libbens, oant politike en filosofyske theroieën en cutting-edge technologie. Wy hawwe ek de bêste moppen. Eins de bêste podcast yn de wrâld, mar omtrint nimmen kin `m ferstean.