Volg je favoriete podcasts, luister offline en in de auto met CarPlay en Android Auto, en ga altijd verder waar je gebleven was. Gratis te proberen.
FRYSK Marc bout syn AI-ferhaal fan foarige wike op 'e nij op, no mei in briefke yn 'e bûse en echte struktuer: wat bart der mei wurk, foldwaning en ús kompetinsjes as de masine alles oernimt? Sjoerd leaut net yn dat optimisme en set der in wrâld tsjinoer fan kommunisme mei in hiper-kapitalistyske elite, in oerheid dêr'tst folslein ôfhinklik fan bist en in panopticon dat altyd meisjocht. Dêrneist in jûn fol TEDx-talks, in kuier by Bakkefean, in film dy't healwei útgie en nijs út Fryslân.
NEDERLANDS Marc bouwt zijn AI-verhaal van vorige week opnieuw op, nu mét briefje op zak en echte structuur: wat gebeurt er met werk, voldoening en onze competenties als de machine alles overneemt? Sjoerd gelooft niet in dat optimisme en zet er een wereld tegenover van communisme met een hyperkapitalistische elite, een overheid waar je volledig afhankelijk van bent en een panopticon dat altijd meekijkt. Verder een avond vol TEDx-talks, een wandeling bij Bakkeveen, een film die halverwege uitging en nieuws uit Fryslân.
00:00:00 Wolkom, fytsen en it wielerseizoen 00:05:22 Bakkefean en in jûn fol TEDx 00:07:42 Filmferskil en tafeltennis 00:13:53 It AI-ferhaal, no mei struktuer 00:29:37 Kin dizze transitie ek misgean? 00:39:06 Wa betellet de produktiviteitswinst? 00:57:35 Kommunisme mei in kapitalistyske elite 01:04:14 Nijs, slimme lûdsprekkers en de grap
Folgje Twa Ûnnoazele Jonges yn dyn podcast-app en diel dizze ôflevering mei ien dy't wol in goede grap brûke kin.
-------------
De bêste podcast yn it Frysk. Alles wurdt besprutsen! Fan ús enoarm nijsgjirrige libbens, oant politike en filosofyske theroieën en cutting-edge technologie. Wy hawwe ek de bêste moppen. Eins de bêste podcast yn de wrâld, mar omtrint nimmen kin `m ferstean.