Volg je favoriete podcasts, luister offline en in de auto met CarPlay en Android Auto, en ga altijd verder waar je gebleven was. Gratis te proberen.
FRYSK Sjoerd leit út wêrom't de formaasje fêstrint yn in minderheidskabinet en wêrom't hurd wurkjen yn Nederlân hieltyd minder opsmyt. Dêrnei ûntleedt er stap foar stap hoe't in „frijwillige” opkomstplicht dochs op echte tsjinstplicht útdraait, en freget er him ôf wa't dan eins as earste opkomme moat. Fierder prate Marc en Sjoerd oer in nije elektryske fyts, âlde Disneyfilms, it nijs út Fryslân en in oarlochsberjocht dat mei AI kreake is.
NEDERLANDS Sjoerd legt uit waarom de formatie vastloopt in een minderheidskabinet en waarom hard werken in Nederland steeds minder oplevert. Daarna pelt hij stap voor stap af hoe een „vrijwillige” opkomstplicht alsnog uitdraait op echte dienstplicht, en vraagt hij zich af wie er dan eigenlijk als eerste moet opkomen. Verder hebben Marc en Sjoerd het over een nieuwe elektrische fiets, oude Disneyfilms, het nieuws uit Fryslân en een oorlogsbericht dat met AI is gekraakt.
00:00:00 Wolkom, de nije fyts en in kwisjûn 00:10:37 Slow Horses en âlde Disneyfilms 00:18:09 Formaasje en minderheidskabinet 00:27:59 Wurkjen dat hieltyd minder opsmyt 00:39:40 Tsjinstplicht stap foar stap 00:45:56 Nijs út Fryslân 00:50:57 Enigma, Turing en húsrobots
Folgje Twa Ûnnoazele Jonges yn dyn podcast-app en diel dizze ôflevering mei ien dy't wol in goede grap brûke kin.
-------------
De bêste podcast yn it Frysk. Alles wurdt besprutsen! Fan ús enoarm nijsgjirrige libbens, oant politike en filosofyske theroieën en cutting-edge technologie. Wy hawwe ek de bêste moppen. Eins de bêste podcast yn de wrâld, mar omtrint nimmen kin `m ferstean.