Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Luister in de Podli-app 🎧
Volg je favoriete podcasts, luister offline en in de auto met CarPlay en Android Auto, en ga altijd verder waar je gebleven was. Gratis te proberen.
28 sep 2026 · 47:23
Billy van Duijl is in grut talint fan AZ Alkmaar, mar makke foar in jier de oerstap nei Cambuur. Wat hopet hy te berikken en wêrom woe hy sa graach nei Ljouwert komme? De…
21 sep 2026 · 57:49
Sportklup Hearrenfean wûn mei klinkende sifers fan Sparta Rotterdam (0-4), mei troch de weromkear fan Marcus Linday. It gefolch wie lykwols dat Ringo Meerveld op de bank siet.…
14 sep 2026 · 57:12
Nea earder wiene de technysk managers fan Sportklup Hearrenfean en SC Cambuur tagelyk te gast yn de Sportcast. Oant hjoed, want Johan Hansma en Lars Lambooij sitte oan tafel. It…
7 sep 2026 · 55:35
Hiel ticht wie Cambuur by de earste trijepunter. Mar it gie wer mis. Neffens âld-fuotballer Sandor van der Heide wie de lette tsjintreffer tsjin Telstar in logysk gefolch fan de…
31 aug 2026 · 57:04
It wie gjin wykein om oer nei hûs te skriuwen foar de Fryske klups. Sportklup Hearrenfean spile lyk tsjin promovendus Willem ll (2-2) en SC Cambuur gie wer ûnderút mei dikke…
24 aug 2026 · 54:25
Der waard snein in skaad lein oer wedstriid tusken SC Cambuur en Feyenoord. Yn de Sportcast tinke we sa as altyd goed mei en presintearje we it 'Plan-Riemer', wat ôfrekkenje moat…
17 aug 2026 · 1:00:21
Trainer Robin Veldman fan Sportklup Hearrenfean is ambysjeus; Europeesk fuotbal helje is dit jier de doelstelling. Dat fertelt er yn de Sportcast. SC Cambuur ferlear ek de twadde…
10 aug 2026 · 54:50
It wie in flinke tebeksetter: Cambuur dat de earste earedivyzjewedstriid fan it nije seizoen mei 4-0 ferlear fan Excelsior. Trije dagen letter seit trainer Johan Plat de soargen…
3 aug 2026 · 57:58
Nei in (fiersten te) lange simmerstop is de Sportcast werom. En der falt genôch te bepraten. Is Sportklup Hearrenfean sterker wurden yn fergeliking mei foarich seizoen? En SC…
1 jun 2026 · 57:17
De lêste ôflevering fan de Sportcast foar de simmerstop stiet yn it ramt fan fleurich de simmer yngean. En dus skoot tradysjoneel it yllustere advokateduo Wim en Hans Anker oan.…
26 mei 2026 · 58:41
It seizoen sit der no ek op foar Sportklup Hearrenfean. De klup dy't harren útskeakele, FC Utrecht, wol de bêste spiler fan de Feansters keapje. Technysk manager Johan Hansma fan…
18 mei 2026 · 59:06
As Sportklup Hearrenfean de finale fan de play-offs om Europeesk fuotbal hellet en it dêryn tsjin Ajax spilet, meie der gjin Fryske supporters mei. Moatte de Feansters dy…
11 mei 2026 · 59:34
Luuk Brouwers is oanfierder fan Sportklup Hearrenfean, Jort van der Sande spits by SC Cambuur. De Noard-Brabanners binne al mear as tsien jier goed befreone en skowe beiden oan…
4 mei 2026 · 57:46
Kian Visser wie de gangmakker by de grutte huldiging fan SC Cambuur yn Ljouwert. Mei it oanskowen yn de Sportcast komt foar him nóch in dream út. Hy hat nijs oer syn takomst,…
27 apr 2026 · 59:24
Marcus Linday heart al wiken by de útblinkers fan Sportklup Hearrenfean. Ofrûne sneon bekroane er de goeie perioade mei de winnende goal tsjin Fortuna Sittard. Ta bliidskip fan…
20 apr 2026 · 59:05
Kees van Wonderen is te gast. De âld-trainer fan SC Hearrenfean praat iepen oer syn tiid yn Fryslân. En hy ferstiet noch Frysk. We bellen ek mei Milan van Ewijk, dy't ferline…
13 apr 2026 · 58:37
Cambuur-spiler Mark Diemers is te gast. De oanfierder liet koartlyn in bom falle. Hy hat in kontrakt-oanbieding krigen, mar dat is minder as wat er no fertsjinnet, wylst Cmbuur…
6 apr 2026 · 56:13
It is it jier fan de trochbraak fan keeper Bernt Klaverboer by Sportklup Hearrenfean. Hy fertelt yn de Sportcast dat hy Europeesk fuotbal helje wol mei syn klup. Fierder giet it…
30 mrt 2026 · 57:55
It fuotbal fan Sportklup Hearrenfean hat de ôfrûne jierren net sa goed west as no. En dus giet klupikoan Foppe de Haan wer mei wille nei it Abe Lenstra Stadion. Mar dat is net de…
25 mrt 2026 · 1:04:53
Henk de Jong hâldt nei dit seizoen op as haadtrainer fan SC Cambuur. Dat makket hy bekend yn in ekstra ôflevering fan de Sportcast. Tiisdei promovearre er foar de tredde kear mei…
23 mrt 2026 · 53:09
Sportklup Hearrenfean pakte mei dank oan in geweldige goal fan Ringo Meerveld in punt tsjin NEC en Cambuur seach troch in nederlaach de earste promoasjekansen yn reek op gean. En…
16 mrt 2026 · 44:38
Sportklup Hearrenfean is yn bloedfoarm, mei fiif oerwinnings út de lêste seis wedstriden. In haadrol is dêrby weilein foar Joris van Overeem. Moat bûnscoach Ronald Koeman him…
9 mrt 2026 · 54:01
Algemien direkteur Ferry de Haan fan Sportklup Hearrenfean hoecht him noch altyd net te ferfelen. Der moat in nije haadsponsor komme, in nij trainingskompleks en de hier fan it…
2 mrt 2026 · 52:54
René van der Weij is te gast yn de Sportcast. De âld-Cambuur-fuotballer en trainer fan HHC Hardenberg folget Cambuur op de foet. Is Cambuur al yn maart promovearre? Hoe slim is…
23 feb 2026 · 59:00
It is in histoaryske ôflevering fan de Sportcast. Want foar it earst yn 333 ôfleverings sit der in frou oan tafel! En it is net samar in frou, nee, it is rekôrynternasjonal…
16 feb 2026 · 51:18
Yn de Sportcast belje we mei Michel Vlap. Hy fuotballet yn Katar. Te gast is NOS-kommentator Jan Vincent van Zuiden. Hy joech kommentaar by Hearrenfean-PEC Zwolle en hy fynt dat…
9 feb 2026 · 56:12
Wa is de beste spits oait fan SC Cambuur? Ald-fuotballer Sandor van der Heide skoot oan yn de Sportcast en hoecht net hiel lang nei te tinken oer dy fraach. En moatte we ús…
4 feb 2026 · 34:08
Yn dizze spesjale edysje fan de Sportcast is Sjinkie Knegt te gast en skowe Roelof de Vries en Andor Faber oan. We besprekke de kânsen fan de 7 Fryske dielnimmers oan de…
2 feb 2026 · 57:25
Technysk manager fan sc Hearrenfean Johan Hansma is te gast. Hy fertelt oer wat der dizze transferperioade allegear spile, oft er noch wat spilet en oft Andries Noppert bliuwt.…
26 jan 2026 · 59:08
Maas Willemsen makket yndruk yn syn earste moannen by Sportklup Hearrenfean. Yn it fjild, wêr't de sintrumferdigener de dribbelkening fan Hearrenfean blykt te wêzen. Mar ek bûten…
19 jan 2026 · 54:00
SC Cambuur moat mear ambysje toane. As je koprinner ADO Den Haag twa kear yn ien seizoen ferslaan, moatte je ek útsprekke dat je foar de titel geane. Cambuurtrainer Henk de Jong…
12 jan 2026 · 40:42
Sportklup Hearrenfean pakte in fertsjinstlik punt tsjin Feyenoord. Of tsjin in 'luzeploech', sa as de Rotterdammers yn de Sportcast neamd wurde. Mar hie der miskien wol mear yn…
5 jan 2026 · 53:03
It is fansels mar de fraach oft it mei alle snie trochgean kin, mar as dat it gefal is, dan spilet SC Cambuur freed de útwedstriid tsjin FC Emmen. En dat hat mei Menno van Dam in…
29 dec 2025 · 32:52
It fuotbaljier 2025 sit derop foar Sportklup Hearrenfean en SC Cambuur en dus is it tiid om werom te sjen. Wat wiene de hichtepunten? En hoe wiene de djiptepunten? Fansels wurdt…
22 dec 2025 · 58:04
It útkompleks fan Sportklup Hearrenfean is as snie foar de sinne ferdwûn nei trije oerwinnings bûtendoar. De winterstop komt dus eins te betiid foar Robin Veldman en syn ploech.…
15 dec 2025 · 54:12
De ambysjes fan SC Cambuur yn it Kooi Stadion rikke fier. Yntern wurdt der sels praat oer it heljen fan Europeesk fuotbal, jout algemien direkteur Ard de Graaf ta. Fierder giet…
8 dec 2025 · 46:49
Cambuurmiddenfjilder Daan Visser is oardel wike lyn foar de twadde kear operearre oan syn knibbel. De 21-jierrige Snitser docht syn bêst om werom te kommen, mar makket him ek wol…
1 dec 2025 · 54:15
Sportklup Hearrenfean kin aldermachtigst goed fuotbalje. As it mar thús is. En it leafst tsjin in goeie tsjinstanner. Want de Feansters litte it út tsjin de mindere Goden net…
24 nov 2025 · 56:32
SC Cambuur wûn freedtejûn de topper fan ADO Den Haach, dochs gong it nei de tiid foaral oer de rellen nei de wedstriid. Dizze wike gong it ek in soad oer de finânsjen fan…
17 nov 2025 · 59:39
Robin Veldman is no in heal jier trainer fan sc Hearrenfean en libbet syn dream. Dat seit hy as gast yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. Dochs lizze der foar him ek problemen op…
10 nov 2025 · 51:20
Neffens Cambuurtrainer Henk de Jong is ADO Den Haag net mear yn te heljen yn de Keuken Kampioen Divisie. Dy 'Henk de Jong-doktrine' kin yn de Sportcast net op stipe rekkenje. Ek…
3 nov 2025 · 57:19
Gertjan Verbeek sjocht leauwer dat sc Hearrenfean mei in oare opstelling komt. Neffens him sit der genôch goed fuotbal yn de ploech en komt dat der no net út. De âld-trainer is…
27 okt 2025 · 55:35
Hy stiet bekend as ien dy't noait ophâldt mei praten: Cambuurspits Jort van der Sande. It smyt him de bynamme 'Radio Van der Sande' op, dy't er ea fan in ferneamd fuotbaltrainer…
20 okt 2025 · 45:38
Hie Robin Veldman de drege einfaze by Telstar-sc Hearrenfean foarkomme kinnen mei syn wiksels? Want de Feansters liken gjin antwurd te hawwen op it ynbringen fan de lange Milan…
13 okt 2025 · 54:50
It giet mar wer ris oer Ismaël Baouf, dy't mei Marokko yn de heale finale stiet fan it wrâldkampioenskip ûnder 20 jier. Hy makket safolle yndruk, dat Marokkaanse fuotbalfans him…
6 okt 2025 · 51:22
De miljoenen klotsten by de plinten op yn it Kooi Stadion de ôfrûne simmer. Benjamin Pauwels, Tyrique Mercera en Bryant Nieling brochten miljoenen op. De nije lading goudmyntsjes…
29 sep 2025 · 55:52
Sportklup Hearrenfean joech snein twa punten fuort yn Utrecht, wylst SC Cambuur it publyk op de banken krige tsjin Jong PSV. Mei Foppe de Haan prate we yn de Sportcast oer in…
22 sep 2025 · 51:01
Sportklup Hearrenfean wûn snein fan NEC, mei goed fuotbal en in nij sintraal duo. Moatte Maas Willemsen en Joris van Overeem stean bliuwe? Troch blessueres fan Sam Kersten en…
15 sep 2025 · 54:34
De broek sakke der by in hiele hoop supporters fan sc Hearrenfean fan ôf: de twadde giele kaart foar Hristiyan Petrov yn de wedstriid tsjin Feyenoord. Algemien direkteur Ferry de…
8 sep 2025 · 54:19
Bernt Klaverboer makket syn basisdebút yn de earedivyjze kommende sneon yn De Kuip. Mar hoe giet de 19-jierrige Ketliker om mei de druk fan De Kuip? Hy krijt dêr by in tip fan in…
1 sep 2025 · 59:42
It koe mei rjocht in pineholledossier neamd wurde ferline jier: it spitseprobleem by SC Cambuur. Sawol Jonathan Afolabi as Jeredy Hilterman wie net fit. No is der mei Nicolas…
25 aug 2025 · 51:32
Lucas Bijker spile by SC Cambuur en sc Hearrenfean, mar is tsjintwurdich amtner by de gemeente Hearrenfean. Dochs hopet hy in comeback yn it fuotbal te meitsjen, seit er yn de…
18 aug 2025 · 58:24
Je topspits dy't te let komt en op de bank sit, in blunderjende keeper en Sweedske fans dy't smoardronken fan gelok in doelpunt fan harren freon fierden. Der is wer in hoop te…
11 aug 2025 · 53:20
It is ûnbegryplik dat de spilers fan SC Cambuur net op 'e tiid fit binne foar de seizoensstart. En sa driget in senario as dat fan foarich seizoen, doe't de Ljouwerters nei seis…
4 aug 2025 · 56:22
De Sportcast is nei twa moannen simmerstop werom. Der is genôch te bepraten, want Sportklup Hearrenfean en SC Cambuur ha net stil sitten. Is it terjocht dat Henk de Jong de…
2 jun 2025 · 51:06
SC Cambuur is hiel ticht by it oanlûken fan in Eastenrykse spits. En ek Sportklup Hearrenfean wol him oanfallend fersterke en dêr liket op koarte termyn wat by te kommen. Dat…
26 mei 2025 · 49:27
Hy keepte by in grutte klup as Ajax en foar de Poalske lânskampioen, mar neamt it ôfrûne seizoen fan Sportklup Hearrenfean 'mijn meest bijzondere seizoen ooit'. Keeper Mickey van…
19 mei 2025 · 53:20
De spilers fan Sportklup Hearrenfean moatte de kommende dagen in besite bringe oan in psycholooch. Dat soe harren helpe kinne yn de play-offs om Europeesk fuotbal, wêryn't se…
12 mei 2025 · 56:00
"Op het moment dat ze promoveren is het een week feest en een jaar ellende. 100 procent." Dat seit Sandor van der Heide yn de Sportcast oer in mooglike promoasje fan SC Cambuur.…
5 mei 2025 · 58:30
As SC Cambuur promovearret, dan soene der folgjend seizoen fjouwer klups út Noard-Nederlân yn de earedivyzje spylje. En dus kinne it histoaryske play-offs wurde. Mei…
28 apr 2025 · 59:26
Dat SC Cambuur in pear spylronden foar de ein al wis wie fan de play-offs, wie neffens Ard de Graaf net fanselssprekkend. Om dy reden is de algemien direkteur fan de klup bliid,…
21 apr 2025 · 45:51
Sportklup Hearrenfean hat der in wapen by, mei it each op de play-offs om Europeesk fuotbal. Dat wapen hjit Jacob Trenskow. Sûnder him wie de kâns grut west dat de Feansters de…
14 apr 2025 · 59:16
SC Cambuur moat net sa foarsichtich wêze en gewoan útsprekke dat it foar streekrjochte promoasje giet. Dat fynt Ljouwerter Foeke Booy, dy't yn it ferline spiler en technysk…
7 apr 2025 · 58:32
It wie ít momint dêr't Robin Veldman by syn presintaasje by Sportklup Hearrenfean it meast nei útsjoen hie: it debút yn it Abe Lenstra Stadion. Ofrûne freed wie it safier. It…
31 mrt 2025 · 55:02
Mark Diemers is de bêste spiler fan SC Cambuur dit seizoen, mar de revelaasje is topskoarer Remco Balk. Dat fynt klupikoan Johan Groote. Hy tinkt dat de Ljouwerters twadde wurde…
24 mrt 2025 · 45:19
Mei Robin Veldman hat Sportklup Hearrenfean in nije trainer dêr't it pompeblêdebloed troch syn ieren rint. En dat is krekt wat de klup no nedich hat, docht bliken yn de Sportcast.
17 mrt 2025 · 57:41
Hearrenfean is nei it fertrek fan Robin van Persie noch altyd op syk nei in opfolger. Op dit stuit docht Henk Brugge it, mar dy hat net de goeie papieren. Mar Foppe de Haan…
10 mrt 2025 · 51:23
De beide Fryske betelle fuotbalklups sykje in nije trainer. By sc Hearrenfean giet it om in haadcoach en by SC Cambuur om in assistint. Beide klups rinne yn harren syktocht…
3 mrt 2025 · 56:58
Wa moat Robin van Persie opfolgje as trainer by Sportklup Hearrenfean? Analist en âld-fuotballer Sandor van der Heide wit wol ien, dy't kwa fuotbalfisy ek noch ticht by Van…
24 feb 2025 · 58:03
Riemer van der Velde sjocht graach Erik ten Hag nei Hearrenfean kommen as opfolger fan Robin van Persie. De eare-foarsitter wol in grutte namme binnen de klup.
17 feb 2025 · 48:41
Robin van Persie hat syn prinsipes oerboard smiten. Wêr't de trainer fan Sportklup Hearrenfean foar dit seizoen sei áltyd oanfallend fuotbal en foar de winst spylje te wollen,…
10 feb 2025 · 53:30
Sportferslachjouwer Roelof de Vries is dúdlik oer de prestaasjes fan sc Hearrenfean: "Dit is it minste Hearrenfean yn 30 jier." Algemien direkteur fan sc Hearrenfean Ferry de…
3 feb 2025 · 55:25
SC Cambuur hat mei Jeredy Hilterman in nije spits helle, mar Tony Rölke docht it hiel best. Âld-Cambuur-spiler Geert Jelle de Vries is sels al oertsjûge. "Moast Rölke stean…
27 jan 2025 · 57:26
Is Robin van Persie wol kritysk genôch? Kin er wolris fan syn eigen ideeën ôfstappe? Of folget er allinnich mar syn eigen fisy? Tieme Klompe is âld-fuotballer en âld-trainer fan…
20 jan 2025 · 58:29
De kâns is grut dat it kontrakt fan Henk de Jong ferlingd wurdt. Dat is de konkluzje yn de Sportcast fan Cambuur-watcher Geert van Tuinen. Te gast is eare-foarsitter fan SC…
13 jan 2025 · 54:28
It is net sjyk hoe't de direksje fan SC Cambuur omgiet mei it ôfrinnende kontrakt fan trainer Henk de Jong. Dat is de opiny yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
6 jan 2025 · 52:04
Sportklup Hearrenfean moat der alles oan dwaan om de thúswedstriid tsjin Almere City op in oar momint te spyljen. Dat seit Feanfan Hans Anker yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.…
30 dec 2024 · 42:33
In foldwaande, mar dêr is ek alles mei sein. Yn de Sportcast fan Omrop Fryslân sjogge de ferslachjouwers werom op it jier fan sc Hearrenfean en SC Cambuur.
28 dec 2024 · 2:21:01
Marit Bouwmeester hat sneon de Fryske sportoeuvrepriis fan 2024 krigen. Bouwmeester wurdt priizge foar har tige suksesfolle jier, wêryn't se olympysk goud behelle en troch de…
23 dec 2024 · 58:12
As it oan Henk de Jong leit, bliuwt er ek de kommende jierren trainer fan SC Cambuur. Syn kontrakt rint nei dit seizoen ôf. Petearen oer de takomst hawwe der noch net west,…
16 dec 2024 · 37:09
Der wiene net in soad minsken dy't de oerwinning fan Sportklup Hearrenfean op PSV (1-0) oankommen seagen. Oan de basis fan de oerwinning stiene yn de eagen fan de Sportcast Levi…
9 dec 2024 · 54:03
Oanfierder Luuk Brouwers tinkt dat der meardere spilers fan sc Hearrenfean binne, dy't harren plafond noch net berikt hawwe. In dei nei syn winnende goal yn de wedstriid tsjin…
2 dec 2024 · 52:30
Hoe sjocht it ideale middenfjild fan SC Cambuur derút? It is in fraach dy't de ôfrûne wiken hieltyd mear nei foarren komt. Yn de Sportcast leit âld-fuotballer René van der Weij…
25 nov 2024 · 49:23
De soargen oer Sportklup Hearrenfean groeie nei de sânde útnederlaach op in rige. Ferlieze fan Feyenoord kin, mar de wize wêrop makket dat der noed is oer trainer Robin van…
18 nov 2024 · 54:27
SC Cambuur moat yn de winterstop ôfskie nimme fan Jonathan Afolabi. Dat seit âld-spiler Sandor van der Heide yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
11 nov 2024 · 58:42
Robin van Persie stiet noch altyd efter syn kar om in soad te wikseljen yn syn opstelling. De trainer fan Sportklup Hearrenfean leit yn de Sportcast fan Omrop Fryslân út hoe't…
4 nov 2024 · 51:54
Neist in gebrek oan punten, ûntbrekt it neffens Geert Jelle de Vries ek oan plezier by sportklup Hearrenfean. De ploech fan Robin van Persie ferlear dit wykein fan Fortuna…
28 okt 2024 · 52:07
Ald-Hearrenfeanspiler Joost van Aken hat jierrenlang swiere pynstillers slikt om fuotbalje te kinnen. Dat fertelt er yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
21 okt 2024 · 52:55
"Volgens mij is het niet mijn rol om elke dag een half uur met de spelers te kletsen over het weer." Sa reagearret Robin van Persie op de wurden fan keeper Andries Noppert. Yn de…
14 okt 2024 · 52:57
Oft it no trainer Henk de Jong wie of syn assistinten Jeroen Burghout en Rik Reinsma, de technyske stêf fan SC Cambuur krige in soad krityk de ôfrûne wiken troch de minne…
7 okt 2024 · 49:05
Der is in 'reële kâns' dat Sandor van der Heide werom komt by SC Cambuur. Hy moat as ekstra assistint-trainer oan de technyske stêf taheakke wurde om it swalkjende Cambuur út de…
30 sep 2024 · 57:07
De krityk op Cambuurtrainer Henk de Jong boazet oan nei de fiifde kompetysjenederlaach fan dit noch jonge seizoen. Neffens klupikoan Foppe de Haan fan Sportklup Hearrenfean…
23 sep 2024 · 52:33
Sportklup Hearrenfean naam tsjin FC Grins krekt wat minder risiko yn de opbou as yn de wedstriden dêrfoar. It wie ien fan de redenen dat de ploech fan trainer Robin van Persie…
16 sep 2024 · 57:12
As jildsjitter Pieter Kooi op it lêste momint net mei miljoenen euro's ekstra oer de brêge kaam wie, dan hie Cambuur no net yn it nije stadion fuotbalje kinnen. Dat fertelt de…
9 sep 2024 · 58:29
Hy wie de einferantwurdlike foar 'Operaasje Grutte Himmelaksje' by SC Cambuur. Technysk manager Lars Lambooij sjocht yn de Sportcast fan Omrop Fryslân mei in tefreden gefoel…
2 sep 2024 · 50:27
Wurkje foar ien fan de grutste fuotbalklups op de wrâld: Sipke Hulshoff docht it op dit stuit. Hy is assistint-trainer fan Arne Slot by Liverpool. Snein noch wûn dy ploech mei…
26 aug 2024 · 56:28
It wol noch net foar SC Cambuur dit seizoen. De Ljouwerters krigen kâns op kâns tsjin Helmond Sport en TOP Oss, mar beide kearen waard der mei 1-0 ferlern. Ald-fuotballer Geert…
19 aug 2024 · 56:36
Gerald Sibon is ûnder de yndruk fan de wurkwize fan Robin van Persie by sc Hearrenfean, dat fertelt hy yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. "Ik vind het voetbal leuk om naar te…
12 aug 2024 · 56:46
Der moat dizze wike noch in hoop gebeure yn it Kooi Stadion, dêr't SC Cambuur snein de earste wedstriid spilet. It komt allegear optiid klear, fertelt algemien direkteur Ard de…
5 aug 2024 · 55:44
Robin van Persie preket positivisme by Sportklup Hearrenfean. Yn de earste ôflevering fan it nije seizoen fan de Sportcast wurdt it optimisme fan de nije trainer oernaam.
Luister in de Podli-app 🎧
Volg je favoriete podcasts, luister offline en in de auto met CarPlay en Android Auto, en ga altijd verder waar je gebleven was. Gratis te proberen.
Jouw podcast? Zet de Podli-badge op je site